Atsma: ûndersyk nei dunen

25 feb 2011 - 18:56

By it ûndersyk nei de feiligens fan de dunen op Skylge en Flylân wurdt ek sjoen nei it dynamysk kustbehear. Dat hat steatssiktaris Atsma oankundige. It dynamysk kustbehear wurdt tapast op in strook dunen direkt neist de see. De natuer mei dêr safolle mooglik syn gong gean. Bewenners fan de eilannen binne benaud dat de dunen dêrtroch net genôch wetter keare.

Atsma tinkt dat it ûndersyk ein dit jier klear is. Earder kundige er al in algemien ûndersyk nei de dunen oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)