'Megamûnepark goed foar haven'

25 feb 2011 - 17:46

De ûntwikkeling fan megawynmûneparken by bygelyks Urk en op de Noardsee biedt grutte kânsen foar de haven fan Harns. Dat seit de nije direksje fan de yndustryhaven. Algemien direkteur Rik Duijn en finansjeel direkteur Harry Aalderink nimme tegearre it stokje oer fan direkteur Murk de Jong.

De Harnzer haven leit op in geunstich plak foar bedriuwen dy't belutsen binne by de bou en it ûnderhâld fan de wynmûneparken. Duijn ferwachtet dat it terrein binnen fiif jier fol is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)