Tekst Panadero 'ûnfatsoenlik'

25 feb 2011 - 15:57

Radiostasjons yn Súd-Nederlân boycotte in karnavalsnûmer fan de Ljouwerter sjonger Danny Panadero. It nûmer hjit 'Ik heb een hit, omdat er fuk joe in zit'. Radiostasjons yn Brabân fine de tekst ûnfatsoenlik en wegerje it nûmer te draaien. Yn Limburch wurdt Panadero ek amper draaid, mar wol in eigen ferzje.

Nettsjinsteande de opskuor sit Panadero foar it kommend karnaval al folslein fol. Hy sil yn fjouwer dagen acht kear optrede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)