Auto te wetter yn Ljouwert

25 feb 2011 - 12:43

In âlder echtpear is freedtemoarn mei de auto it wetter ynriden op 'e Poptawei yn Ljouwert. It echtpear hie in botsing hân mei in oare auto wêrnei't se yn it wetter telâne kamen.

De brânwacht hat de minsken út de auto weihelle. It is noch ûndúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)