CDA foar berteplak Skylge

Sybrand van Haersma Buma
Foar Skylger memmen dy't har poppe yn it sikehûs fan Ljouwert krije, moat it dochs mooglik wêze dat se har berntsje as offisjeel berteplak Skylge jouwe. Dat fynt de CDA-fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer Sybrand van Haersma Buma. Hy wie freedtemoarn op besite op it Waadeilân.
Under Skylgers is ûnrêst ûntstien no't der net genôch medyske soarch is en befalle op it eilân net mear mei. In reis nei it MCL yn Ljouwert is dan de iennichste opsje.