Dost werom yn de basis

Bas Dost (foto: Dirk Jan Haarsma)
Bas Dost begjint sneon yn de wedstriid tsjin Willem II wer ris yn de basis. De lêste kear dat de topoankeap yn de basis stie wie op 6 novimber tsjin Heracles.
Dizze kear wurdt Christian Grindheim slachtoffere. De Noar spile oant no ta eltse wedstriid yn de basis, mar wurdt no passeard. Yn de ferdediging kiest Jans foar it duo Kopic en Breuer, wêrtroch't Djuric wer op de bank begjint. Beerens is wer fit, wylst it net wis is oft Assaidi spylje kin.