Tredde man foar oerfal oppakt

25 feb 2011 - 11:25

De plysje hat in tredde fertochte oanhâlden foar de oerfal fan tiisdeitejûn yn Easterwâlde. In gesin waard doe thús oerfallen. Ien fan de slachtoffers waard fêstbûn en mishannele. De oerfallers binne útnaaid mei in noch ûnbekende bút.

Dyselde nachts waarden ek al twa fertochten oppakt. De tredde oerfaller dy't no oanhâlden is, is in man fan 28 jier. De plysje wol net sizze wêr't er weikomt. Der wurdt noch socht nei mear fertochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)