Feriene Lofts tsjin ranches

It gebiet it Paradyske (foto: Omrop Fryslân)
Deputearre Steaten moatte útlizze wêrom't it plan foar grutte ranches by Kollum in soad opsmite kin foar de omjouwing. Dat wol de steatefraksje fan Feriene Lofts witte. De fraksje makket him soargen oer de plannen en ek oer it oan elkoar groeien fan de doarpen Kollum en Bûtenpost.
Feriene Lofts is net bliid mei it plan foar grutte huzen mei hynstestâlen derby. Leden fan 'e partij hawwe yn 'e doarpen yn Kollumerlân folders útsutele dêr't dat yn útlein wurdt.