Auto rydt bromfyts oan

25 feb 2011 - 10:31

In 17-jierrige bromfytser fan Munnikebuorren is tongersdei op de Badwei yn Rottum ferwûne rekke. In 35-jierrige automobilist fan Sint Jânsgea woe ôfslaan en seach dêrby de jonge op 'e scooter folslein oer de holle. De automobilist koe net mear om de jonge hinne.

It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)