Famkes (13) mishannelje bern

De plysje hat trije famkes fan 13 jier út Drachten oanhâlden omdat se smoardronken wiene en in pear jonges en famkes mishannele hiene. De famkes wiene yn Drachten in winkel útset. Doe't de plysje oankaam, wiene se al fuort. De bern dy't mishannele wiene, trof de plysje noch wol. Ien fan de jonges wie oanrand.
De plysje fûn de famkes op De Kaden. Se binne meinaam nei it buro. Ien fan harren wie safier hinne dat dokters neat mei har wurde koene.