'Langwar ferliest toerist'

24 feb 2011 - 21:48

As der neat dien wurdt oan it sintrum fan Langwar, dan driigje toeristen it doarp links lizze te litten. Mei dy warskôging komme de ûndernimmers yn it doarp. Neffens harren is der al jierren neat mear oan it sintrum dien en ferdwine foarsjennings út it doarp.

Dat is dan net langer oantreklik foar toeristen en dy kieze dan ek earder foar konkurrearjende doarpen. De ekonomy fan it doarp draait foar 80 persint op toerisme. De gemeente dielt de soargen en wol prate oer maatregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)