Lytse groei yn hoareka
Foar it earst yn trije jier tiid lit de hoareka yn Nederlân wer in foarsichtige groei sjen. Benammen yn kafees en yn restaurants is it fjirde fearnsjier fan 2010 wer wat mear jild útjûn. De groei fan 'e omset is noch wol lyts mei 1,4 persint.
Foar diskoteken bliuwe it foarearst drege tiiden.