Ferhuzing NUON-belsintrum

It belsintrum fan de NUON oan de Melkemastate yn Ljouwert sil mooglik ferhúzje nei in oar plak. Reden dêrfoar is it klimaat yn it gebou. Dat is hiel min. Wurknimmers kleie deroer dat it te waarm of te kâld is.
De direksje besjocht op dit stuit twa alternativen: it gebou hielendal ferbouwe of nijbou op in oar plak yn Ljouwert. It belsintrum en de wurkgelegenheid bliuwe wol foar Fryslân behâlden. Der wurkje sa'n 500 minsken op it belsintrum fan NUON.