Peaskefjoer Sonnegea ûnwis

24 feb 2011 - 11:00

It tradisjonele peaskefjoer fan Sonnegea giet mooglik net troch. De strange brânwachtregels sit de organisaasje dwers. Sa moat de brânbult op minimaal 100 meter fan de boskrâne lizze. Peaske falt dit jier let en dêrom is it ek dreech in stik boerelân foar de brânbult te finen. Boppedat binne de gemeentlike kosten foar in fergunning no folle heger. In oanfraach koste oars 25 euro, mar dêr moat no 215 euro foar delteld wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)