Doelpuntefestijn by de Flyers

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de A6.NL Flyers hawwe de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje mei 13-8 ferlern fan Den Haach. De wedstriid draaide om neat, om't der yn de einstân hoe dan ek gjin feroaring mear komme soe.
Beide ploegen beskôgen it dan ek as in oefenwedstriid en spilen net yn de sterkste formaasje. Mei dêrtroch draaide de wedstriid út op in doelpuntefestijn. Jamie Visser (4), Paul Vincent (2) en Dennis Schreur (2) skoarden foar de Flyers.