Gjin tsiiseksport nei Libië

FrieslandCampina is ophâlden mei de eksport fan tsiis nei Libië. Dat gebeurt om't se gjin kontakt mear krije kinne mei har kontaktpersoanen dêr. Se kinne gjin ôfspraken mear meitsje.
Yn 2009 gong 0.6 prosint fan de folsleine tsiiseksport fan it suvelkonsern nei Libië ta. Ek yn oare Arabyske lannen is it ûnrêstich, mar dat hat noch gjin gefolgen foar it suvelkonsern. Twa wiken lyn is in meiwurker weromhelle út Egypte.