Bruorren Hooghiemster yn Ster

23 feb 2011 - 15:32

Foar de bruorren René en Niek Hooghiemster begjint sneon it hurdfytsseizoen mei de Ster fan Zwolle.

Beide ride dit seizoen foar it Ubbink Koga Cycling team. René, mei 24 jier de âldste fan de twa, hie yn 2010 in goed jier. Hy wûn fjouwer klassikers. Niek, trije jier jonger, stie trije kear op it moaiste plakje op it poadium. Beide Fryske hurdfytsers ha in protte trainingskilometers makke, yn Fryslân mar ek yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)