RvS sjocht beswier Amelân net

De Raad van State kin him net fine yn it beswier fan It Amelân tsjin de mindere tagonklikheid fan it Griene Strân. De minister hat bepaald dat twa stikken tusken heal maart en heal augustus net tagonklik binne. De gemeente hat beswier om't de beheining negative ynfloed ha soe op it toerisme, foaral ek troch it tal ferbodsbuorden dy't der komme.
De Raad van State wiist der op dat it ferbod earder al fêstlein is en dat de gemeente doe gjin beswier makke.