Stasjonwei Drachten oanpakt

(argyffoto)
De Stasjonswei yn Drachten wurdt yn in oare folchoarder rekonstrueard as earst de bedoeling wie. It kolleezje fan Smellingerlân is akkoart gien mei in oare oanpak. Earst soe de wei fan twa kanten tagelyk oanpakt wurde. Dat bart no net sadat bestimmingsferkear by winkels en kantoaren komme kin.
Nije wike moandei wurdt begûn mei de wurksumheden. It rioel wurdt oanpakt en de brede asfaltwei feroaret yn in nije leane mei fuotgongerspaden, fytspaden en in smellere rydbaan.