Falske oanjefte mishanneling

In ynwenner (24) fan Jobbegea dy't by de plysje oanjefte dien hie fan mishanneling, hat dat ferhaal betocht. De man sei dat er yn de nacht fan 12 op 13 febrewaris yn de buert fan syn doarp fan syn fyts trape wie.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat er mei de fyts fallen is. Hy hie tefolle dronken. Hy rekke ferwûne oan it gesicht en moast him troch in dokter behannelje litte. Ek rekke er syn bril kwyt. De man wurdt noch heard oer syn falske oanjefte.