Spesjale strook foar boeren

De VVD yn Fryslân wol dat der yn Fryslân in spesjale strook komt dêr't boeren sûnder grutte beheinings buorkje kinne.
Dy saneamde agraryske haadstruktuer moat yn it noarden en noardwesten fan Fryslân komme, parallel oan de Waadsee fan Lauwerseach nei Holwert, Hallum en Stiens ta. Yn dy spesjale strook soene ek de boeren mei saneamde megastâlen in plakje krije kinne.