Earedivyzje froulju bliuwt

22 feb 2011 - 22:32

As it oan de belutsen klups en fuotbalbûn KNVB leit, krijt de earedivyzje foar froulju in ferfolch. Dat is tiisdei nei in byienkomst yn Zeist bekend makke.

Hielendal rûn is it noch net, mar de yntinsje is troch alle partijen útsprutsen. Ek SC Hearrenfean wol graach in frouljusteam hâlde. Neffens direksjefoarsitter Robert Veenstra moatte der wol wat saken feroarje. It moat profesjoneler oanpakt wurde en it frouljusfuotbal moat mear oansjen krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)