Nije turnmatte ûntwikkele

22 feb 2011 - 17:15

De nije turnmatte dy't it bedriuw Sidijk fan Grou yn gearwurking mei Sportstêd Hearrenfean ûntwikkele hat, hat wat wei fan in luchtkessen. It giet om in turnmatte dêr't lucht yn blaasd wurdt.

De goedkeapste matte kostet 1000 euro, de djoerste profesjonele matte 10.000 euro. Dêrmei is dizze bysûndere útfining sawol te brûken yn 'e gymles as yn de topsport. Luchtkessen-fabrikant Sidijk hat jierren dwaande west mei in flakke turnmatte mei lucht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)