CDA moat wer sosjaal wurde

It CDA moat syn sosjale gesicht weromkrije en sa wer kiezers lûke. Dat is it advys fan de Fryske leden oan de lanlike top yn it rapport Dialoog 250. Dat is opsteld troch alle leden dy't meidiene oan de fjouwer diskusjegearkomsten yn Fryslân. Dy waarden hâlden nei de desastreuze keamerferiezings fan 9 juny 2010.
De leden wolle wer nei de kearnwearden lykas solidariteit en gerjochtichheid. Oft de suggestjes fan de Fryske leden oernommen wurde is noch ûnwis.