Oranjefûnsjild foar Aldemardum

22 feb 2011 - 15:22

Multyfunksjoneel sintrum It Klif yn Aldemardum krijt 40.000 euro út it Oranjefûns. It jild is bedoeld foar de bou fan in nij ûnderkommen as ferfanging fan it eardere doarpshûs. Yn it sintrum komt plak foar in sûnenssintrum, sosjale en kulturele aktiviteiten en foar sport.

Der binne ek plannen om yn it sintrum tusken de middei meielkoar te waarm iten yn gearwurking mei de deiopfang. De bou sil yn maart begjinne, it gebou kin dan yn oktober klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)