Saak-Sahar 30 maart foar RfS

22 feb 2011 - 11:56

Op 30 maart tsjinnet de saak fan it Afgaanske famke Sahar foar de Ried fan Steat. De heechste bestjoersrjochter liet dat Omrop Fryslân tiisdei witte.

Foarige moanne bepaalde de rjochtbank yn Den Bosch dat minister Leers fan ymmigraasje en asyl syn beslút om Sahar en har famylje gjin ferbliuwsfergunning te jaan better motivearje moat. It 14-jierrige famke út Sint Anne soe te ferwestere wêze om weromstjoerd wurde te kinnen nei Afganistan, mar dêr woe Leers net oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)