Fytser oanriden op It Fean

22 feb 2011 - 10:30

In man fan 82 jier is moandei op It Hearrenfean ferwûne rekke by in ûngelok. De man waard op de Boargemaster Falkenawei oanriden troch in man fan 74. Hoe't dat krekt barre koe is net dúdlik.

De fytser bruts syn heup en rekke ek ferwûne oan syn rêch en nekke. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)