Agressive Harrekiten oppakt

22 feb 2011 - 10:26

De plysje hat moandeitejûn twa manlju en twa froulju út De Harkema oanhâlden dy't earder op 'e jûn op de Kolk yn Surhústerfean fjouwer froulju mishannele hiene. De manlju bedrigen de froulju, 16 oant 23 jier âld, dêrneist mei in pistoal. Der is ek sketten. Se naaiden út yn in auto.

Ferskate plysjeauto's ha de auto mei de fertochten op de Litswei yn De Rottefalle klem riden. De fjouwer manlju, 18, 20 en 22 jier âld, binne oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)