Nije bestjoersleden keatsklup

22 feb 2011 - 07:21

Keatsferiening 'De Kolk' fan Ouwesyl liket rêden nei in spesjale ledegearkomste moandeitejûn. It bestjoer hie in needbrief nei de leden stjoerd. Fanwege in tekoart oan bestjoersleden sette it bestjoer fraachtekens by de fraach oft de feriening noch takomst hat.

Nei ôfrin fan de gearkomste melden har lykwols twa nije bestjoersleden foar de mear as 100 jier âlde feriening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)