Twangsom foar Omrin

As Omrin de stankoerlêst fan Ekopark De Wierde by Aldehaske net binnen de grinzen bringt, krije se fan de provinsje in twangsom fan 25.000 euro oplein. Dat seit deputearre Adema. Nettsjinsteande alle maatregels dy't Omrin al nommen hat is de oerlêst noch hieltyd net binnen de stelde grinzen.
Omrin hat miljoenen stutsen yn ûnder oare filters en de opfang fan it ôffalwetter. De provinsje hat earder ek al drige mei it oplizzen fan in twangsom.