Jong Hearrenfean/Emmen ôflast

21 feb 2011 - 16:05
Foto: Omrop Fryslân

De wedstriid tusken Jong Hearrenfean/ Emmen tsjin Jong De Graafschap giet net troch. De wedstriid soe moandeitejûn yn it Abe Lenstra-stadion spile wurde, mar de skiedsrjochter hat it fjild ôfkard. Wannear't it duel ynhelle wurdt, is noch net bekend.

Jong Hearrenfean/Emmen draait boppeyn mei yn de beloftekompetysje. De ploech fan trainer Johnny Jansen stiet op in dield tredde plak. Jong De Graafschap stiet tredde fan ûnderen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)