Sintrale ynskriuwing hierhûs

Túndoarp yn Snits (foto: Omrop Fryslân)
Yn Súdwest-Fryslân moat ien sintrale ynskriuwing komme foar minsken dy't in hierwente sykje. Dat wol de PvdA yn 'e nije gemeente. No moatte minsken foar in hierhûs noch op ferskate sites fan wenningkorporaasjes ynskriuwe. De regels foar de tawizing binne by de korporaasjes ûngelyk.
Mei ien sintrale ynskriuwing wurdt de wachttiid foar in hierhûs koarter, mient de PvdA. Dy is no yn bygelyks Snits oardel jier.