Dronken mei ljochten út ride

21 feb 2011 - 11:32

De plysje hat sneintenacht yn Drachten in man fan 40 jier út Beetstersweach oanhâlden. Hy ried mei de autoljochten út op De Singel. De plysje hie al gau it idee dat de man te folle alkohol dronken hie. In asemtest op it plysjeburo joech oan dat dat ek sa wie.

De Sweachster krige in riidferbod fan njoggen oeren en syn riidbewiis is yn beslach naam. De man krige ek noch in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)