'Plysje is gjin taksybedriuw'

Yn Drachten is yn de nacht fan snein op moandei in man fan 30 jier út De Tike oanhâlden foar mislediging fan in plysje. De man woe troch de plysje thúsbrocht wurde. De agint sei dat er mar in taksy belje moast. De Tykster waard dûm en sloech in pear kear tsjin de plysje-auto. Fierders stuts er in middelfinger op tsjin de plysje.
It die bliken dat de man earder dy jûn ek al in hoarekagelegenheid útset wie.