Motorcrossers op de bon

De plysje hat sneintemoarn by in sânôfgraving by Eastermar seis motorcrossers bekeurd. Se wienen yllegaal op in bedriuwsterrein oan it crossen. Boppedat soargen se foar lûdsoerlêst, fernielden se natuer en makken se rommel.
De plysje gie derhinne neidat der klachten kaam wienen. Mei buorden op it stek fan it bedriuw is oanjûn dat de tagong ferbean is foar minsken dy't dêr neat te sykjen hawwe.