Koper stellen út sloophûs

21 feb 2011 - 10:06

By in sloophûs oan de Skâns op It Hearrenfean hat de plysje de ôfrûne nacht trije koperdieven oanhâlden. Fanwege eardere koperstellerij hâlde de plysje it gebou op 'e kuer. Healwei de nacht kaam in man ûnder it stof mei in mynwurkerslampke op 'e holle út it hûs. Letter kamen noch twa manlju út it leechsteande gebou mei tassen fol mei koper.

De dieders binne twa manlju út Snits en ien út Ljouwert. Se binne oanhâlden en harren auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)