Leskiste oer skiednis Ljouwert

In leskiste mei archeologyske fynsten giet de kommende wiken de Ljouwerter basisskoallen bydel. De fynsten komme foar in grut part fan de opgravings by it Aldehoustertsjerkhôf in pear jier lyn. De kiste heart by in spesjaal berneboek skreaun yn opdracht fan it Histoaryk Sintrum Ljouwert, HCL.
Yn it boek stean ferhalen oer Ljouwert yn it jier 100, it jier 600 en it jier 1500. Mei it boek wol HCL de bern yn de kunde komme litte mei de betide skiednis fan 'e stêd.