Snits Wyt Swart wint knap

20 feb 2011 - 16:23

Snits Wyt Swart hat snein mei in 4-1 útoerwinning tsjin Babberich in knappe prestaasje levere en ek goede saken dien yn de striid tsjin degradaasje út 'e sneinshaadklasse. René Geertsma iepene de skoare yn Gelderlân en dêrnei fersulvere Klaas Schotanus in strafskop. De oare Snitser doelpunten kamen fan Kevin Huitema en Ramon Giró Batalla.

FVC ferlear mei 2-1 fan MSC mei René Hoen as doelpuntemakker. Snits Wyt Swart stiet no op ien punt fan FVC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)