LDODK ferliest kopposysje

20 feb 2011 - 16:15

LDODK út Terwispel/De Gordyk is der net yn slagge de kopposysje fêst te hâlden yn de haadklasse fan it kuorbaljen. Yn de Fryske derby tsjin SCO út Aldeholtpea ferlear de ploech fan Gerald Aukes mei 20-13. SCO starte goed en hie by rêst al in romme foarsprong: 11-5. LDODK koe dat gat yn de twadde helte net lytser meitsje.

Troch de oerwinning fan SCO spilet de ploech him sa goed as feilich yn de haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)