Hannelsdelegaasje nei Estlân

20 feb 2011 - 09:17
Max van den Berg

In hannelsdelegaasje út Noard-Nederlân bringt de kommende wike in besite oan Estlân. Under oare troch in petear mei de presidint wurdt besocht de kontakten tusken Noard-Nederlân en Estlân te fersterkjen. Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân hat de hannelsreis op tou set.

De hannelsdelegaasje ûnder lieding fan de Kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân giet ek nei Letlân. Dêr wurdt ûnder oare praat mei de ministers fan ekonomy en finânsjes.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)