Degradaasje Drachten

19 feb 2011 - 23:15

De kuorballers fan Drachten binne nei it 29-15 ferlies yn Almelo tsjin AKC degradearre út de kuorbalhaadklasse. De Drachtsters moatte noch twa wedstriden spylje, mar de degradaasje is no al wis. Drachten hat mar twa kear in lykspul helle en tsien kear ferlern.

Mid-Fryslân hie tsjin OVVO in stunt yn gedachten, mar dat kaam der net fan. De ploech út Maarssen stie nei in kertier al mei 9-3 foar. De spanning kaam wol werom, mar OVVO wûn mei 21-16.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)