Oenema kampioen supersprint

19 feb 2011 - 22:49

Thijsje Oenema is yn Enschede Nederlânsk kampioen supersprint wurden. De 22-jierrige Jouster wûn alle fjouwer ôfstannen (twa kear 100 meter en twa kear 300 meter). Boppedat ried se trije kear in Nederlânsk rekôr: 10.50 en 10.47 op de 100 meter en 24.87 op de 300 meter. It smiet ek in nij Nederlânsk rekôr puntetotaal op.

Mayon Kuipers en Jorien Kranenborg, beide fan it gewest Fryslân, waarden twadde en tredde. By de manlju foel Jesper Hospes mei in blessuere út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)