Leenstra wint WB 1500 meter

19 feb 2011 - 22:09

Marrit Leenstra hat har earste oerwinning op in wrâldbekerwedstriid helle. Yn Salt Lake City wûn de ynwenster fan Wikel de 1500 meter yn in nij persoanlik rekôr: 1.53,38. Ireen Wüst waard twadde yn 1.53,75 en Christine Nesbitt tredde yn 1.54,16.

Nesbitt hie de earste fjouwer 1500 meters fan it wrâldbekersirkwy wûn. Se bliuwt de liedster yn it wrâldbekerklassemint, Marrit Leenstra is twadde, Ireen Wüst tredde. Oer fjirtjin dagen is de finale op It Fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)