Ferkearsdeade op Rûnwei Dokkum

19 feb 2011 - 17:03

Yn Dokkum is sneontemiddei in automobiliste (60) út Dokkum om it libben kaam. Op 'e Rûnwei botste se lyk op in auto út tsjinoerstelde rjochting dy't ynhelle. Dy bestjoerder (20) hie de auto fan 'e frou oer de hollesjoen.

De 20-jierrige mankearde neat, mar is wol oanhâlden. Syn rydbewiis is ek ynnaam. Foar ferskate minsken dy't derby wiene, is slachtofferhelp ynskeakele. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)