Op kreambesite by kamieltsje

19 feb 2011 - 16:42

Yn it âld molkfabryk yn Burgum wie sneon de jongste sprút fan it Dútske Sirkus Renz te besjen. It giet om in kamielsje fan in dei âld. It bistke waard freedtemoarn om sân oere berne. It docht syn bêst om op fuotten te kommen om drinke te kinnen by mem.

De kamielen, oaljefanten en hûnen fan Sirkus Renz binne yn Burgum om te oerwinterjen. Minsken dy't it kamieltsje mei it memmebist sjen woene, wiene sneon op de wyklikse merk yn it âld molkfabryk wolkom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)