Doarpkoördinator foldocht goed

19 feb 2011 - 14:39

De doarpsbelangen yn Eaststellingwerf binne goed te sprekken oer de doarpskoördinator dy't sûnt ferline jier aktyf is. Dat docht bliken út in tuskentydsk ûndersyk.

De gemeente hat de doarpskoördinator oansteld om de kommunikaasje mei de doarpen te ferbetterjen. De koördinator is foar de doarpen it earste oansprekpunt. Dat duorret noch oan takom jier ta. Dan wurdt opnij besjoen hoe't de doarpskoördinator foldocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)