Helers oanhâlden yn Drachten

19 feb 2011 - 13:58

De plysje hat freed in 20-jierrige man út Drachten en in 28-jierrige plakgenoate oanhâlden foar heling. Plysjes hiene ynformaasje krige dat yn in wente oan it Voermanspaad stellen fytsen stean soene. Yn 'e tún en yn it hok by de wente trof de plysje twa fytsen en in bromfyts oan. Dy wiene yndie stellen en se binne dêrom yn beslach naam.

Beide fertochten moasten mei nei it buro. Nei in proses-ferbaal mochten se wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)