'Fleanbasis moat gearwurkje'

De basis Ljouwert is ek thúsbasis foar de SAR-rêdingshelikopters
Ynternasjonale gearwurking kin de rêding wurde foar de Fleanbasis Ljouwert. Dat sei foarsitter Van den Burg fan it militêr fakbûn AFMP op in PvdA-ferkiezingsgearienkomste. Der soene tydlik Belgyske of Dútske fleantugen yn Ljouwert stasjonearre wurde kinne. Dat soarget foar wurkgelegenheid yn 'e regio en drukt de kosten foar definsje.
Definsje moat in miljard euro besunigje. Sluting fan de basis yn Ljouwert is ien de opsjes.