Man fan fyts skopt by Jobbegea

De plyske siket tsjûgen fan de mishanneling fan in Jobbegeaster (24). Hy fytste ferline wike sneon nachts om healwei ienen út Lippenhuzen nei hûs. Eefkes foar syn wenplak waard er ynhelle troch in groepke jongeren op 'e fyts. Ien fan har traape tsjin de fyts fan de man oan. De man foel dêrtroch en rekke ferwûne oan it gesicht. Hy moast troch in dokter en in toskedokter behannele wurde. De jongeren fytsten gewoan troch. De plysje siket tsjûgen.