Drege ûnderhannelings Spaansen

18 feb 2011 - 20:53
Foto: Omrop Fryslân

Der sit net folle skot yn de ûnderhannelings oer de ferhuzing fan Spaansen Harns. Dat seit FNV-Bondgenoten. It betonflierrebedriuw wol de aktiviteiten ferpleatse nei Kampen, mar de bûnen en de wurkjouwer komme net út it punt fan de fergoeding fan de reistiid.

Wol is ôfpraat dat de ferpleatsing fan in bedriuwsûnderdiel, dat op ien april plakfine soe, ferskood wurdt nei ien july.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)